FNP rikt Sulveren Fyts en Fryske Natuer- en Miljeupriis út

Kees Mourits út Ljouwert hat sneon de Sulveren Fyts útrikt krigen fan de FNP. Mourits is provinsjaal fertsjintwurdiger fan it Fytsersbûn yn Fryslân en set him al jierren yn foar de belangen fan de fytsers yn de provinsje. Stichting Doarpstún Snakkerbuorren krige de Fryske Natuer- en Miljeupriis. Op de tún wurde op biologyske wize griente, fruit en blommen ferboud en yn eigen behear fan de ynwenners ferkocht. Ek wurde der ferskate aktiviteiten hâlden.
De prizen wurde jierliks útrikt op de nijjiersgearsit fan de FNP.