FNP wol de kommende jierren ynvestearje yn Fryske regio's

De FNP wol de kommende fjouwer jier 20 miljoen euro yn it jier ynvestearje yn Fryske regio's. Dat sei listlûker Johannes Kramer by de jierlikse nijjiersgearkomste fan de partij. It jild moat ynvestearre wurde yn saken as wurkgelegenheid en natuer.
Ek wol de FNP ynsette op in referindum oer de soarch yn de regio. Dit nei oanlieding fan de problemen by sikehûs De Sionsberg. De partij wol de diskusje op gong bringe oer oft de rezjy foar de soarch net wer werom moat nei de provinsje.