Konkurrinsje foar Epke Zonderland oan it rek

© ANP
Turner Epke Zonderland krijt drege konkurrinsje oan it rek. De Dútske turner Andreas Bretschneider hat foar opskuor soarge yn de turnwrâld. De turner hat in nij flechtelemint yntrodusearre. It giet om in dûbel salto achteroer mei in dûbele skroef. Dit is sa'n dreech elemint dat it turnbûn in nije swierrichheidsfaktor opnaam hat: kategory H. Oant no ta wie G de heechste kategory.
Neffens turnkommentator Hans van Zetten is it in ynnovaasje oan de rekstôk. Hy tinkt net dat Epke der echt wekker fan lizze sil.