2015 foar Derek Buitenzorg jier fan de wierheid

03 jan 2015 - 12:35

2015 is foar draafhynder Derek Buitenzorg it jier fan de wierheid. Dat seit syn trainer en pikeur Arend de Wrede. Nei in moaie oanrin en ferskate prizen giet it op dit stuit wat minder mei Derek. Freedtejûn rûn er in koers, mar dit gie net al te goed. Hy hie in minne start en waard úteinlik diskwalifisearre.

De Wrede hat noch wol hieltyd fertrouwen yn Derek. Hy giet der dan ek fanút dat de minne faze net al te lang duorret en dat it dalik yn de koersen wer goed giet. Hy kin dan wer prizejild binnen helje.

Trefwurden: 
Derek Buitenzorg hynder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)