Ferkiezingsprogramma CDA ek yn braille te lêzen

03 jan 2015 - 11:56

It ferkiezingsprogramma fan it CDA is fan sneon ôf ek yn braille te lêzen. Yn it ramt fan 'Wereld Braille Dag' presintearje alle provinsjale CDA-fraksjes har programma yn de taal foar blinen.

De Fryske CDA-lieder Sander de Rouwe seit dat de groep fan 300.000 minsken mei in fisuele hendikep in belangrike bydrage leverje kin oan de maatskippij. Njonken it braille is it programma ek yn it Nederlânsk en it Frysk te lêzen.

Minsken dy't it ferkiezingsprogramma yn braille ûntfange wolle, kinne in mail stjoere nei campagne@cda-fryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)