Troch brân troffen reiddekkersbedriuw kin tiisdei wer los

03 jan 2015 - 11:30

It reiddekkersbedriuw fan Roosma út Makkum, dat âldjiersnacht yn flammen opgong, kin nije wike dochs oan it wurk. Mei help fan kollega's en liende reidsnijmasines kin it personiel fan Roosma dochs oan de slach. Begjin jannewaris is dé tiid dat it reid snien wurde moat.

Aldjiersjûn ûntstie de brân yn de loads fan it reiddekkersbedriuw. It gebou is folslein ferlern gien. Yn de loads stiene masines, auto's en caravans. De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik, it technysk ûndersyk rint noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)