Ljouwerter mislediget en bedriget plysje

Oanhâlding © ANP
In 17-jierrige jonge út Ljouwert is freedtejûn yn Drachten oppakt foar mislediging en bedriging fan twa plysjeminsken. De fertochte wie yn in wenning oan de Engwerd. Dêr wie ek in 15-jierrich famke, dat har net op 'e tiid wer melden hie by de ynrjochting dêr't se wennet.
Doe't de plysje har ophelle, waard se misledige en bedrige troch de Ljouwerter. Hy is yn de sel setten en wurdt sneon heard.