Beemsterboer nije direkteur FrieslandCampina Ljouwert

Friesland Campina © ANP XTRA
Peter Beemsterboer is sûnt 1 jannewaris de nije direkteur fan FrieslandCampina yn Ljouwert. Beemsterboer wie de lêste jierren aktyf as ien fan de direkteuren fan it suvelbedriuw yn Dútslân. Dat hat FrieslandCampina bekend makke. Beemsterboer is de opfolger fan Jarig Langhout (59), dy't sa'n twa en in heal jier de baas wie yn Ljouwert. Under syn lieding is úteinset mei de grutste fernijings- en útwreidingsferbouwing yn de histoarje fan it fabryk.
Langhout sil him fanút de sintrale direksje yn de takomst dwaande hâlde mei it belied rjochting de boeren. De posysjewikseling komt frij ûnferwachts. Mar neffens in wurdfierder fan FrieslandCampina past de beneaming yn it reguliere rûlaasjebelied fan de suvelreus.