Wetteroerstoart wetterskip njonken Koudumer skoalle

02 jan 2015 - 15:51

Underwizers fan kristlike basisskoalle Grovestinshôf yn Koudum binne ûngelokkich mei de lokaasje fan in wetteroerstoart fan Wetterskip Fryslân. Dizze buffersône foar de opfang fan wetter leit krekt njonken it skoalplein fan de needlokaasje fan de skoalle. Bij ekstreme reinfal rint dizze oerstort fol mei wetter en dat kin gefaarlik wêze foar de skoalbern.

De nije tydlike skoalle waard freed ynrjochte mei help fan sa'n tritich âlden en frijwilligers, sadat de bern dêr tiisdei les krije kinne. Ek de âlden binne net wiis mei it oerstoart.

Wetterskip Fryslân sil it wetteroerstoart moandei ôfsette mei stekken, sadat de bern tiisdei feilich nei skoalle kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)