Wenlêsten Ljouwert mar seis eurosint omheech

02 jan 2015 - 12:49

De wenlêsten foar ynwenners fan de gemeente Ljouwert nimme dit jier yn trochsneed mei seis eurosint ta. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrút blykt dat yn de 35 grutste gemeenten de wenlêsten minder tanimme as de ynflaasje fan ien persint. Nettsjinsteande dat it Ryk in soad taken by gemeenten ûnderbringt, wurde lokale belestings net ekstra ferhege.

Yn de gemeente Ljouwert geane de OZB en de reinigingsheffing mei in pear persint omheech. Mar dêr stiet tsjinoer dat de rioelheffing tsien persint leger wurden is.

Trefwurden: 
ûndersyk OZB wenlesten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)