Auto te wetter by Hurdegaryp

In frou is oan de ein fan freedtemoarn op de Ottemawei krekt bûten Hurdegaryp mei har auto te wetter rekke. Tsjûgen dy't it seagen koene net by de frou komme en warskôgen de helptsjinsten. De frou seach sels ek noch kâns om 1-1-2 te beljen. De helptsjinsten kamen mei dûkers nei it plak fan it ûngelok en koene de frou út de auto helje.
De frou kaam úteinlik mei de skrik frij. Der wiene gjin oare auto's by it ûngelok belutsen. De frou siet allinnich yn de auto. In berger hat de auto letter út de sleat takele en ôffierd.
Tamme Pol fan Gemeentewurken Tytsjersteradiel wie mei in kraanauto yn 'e buert fan it ûngelok doe't de plysje derby kaam. Hy holp mei syn auto om de frou út har auto te befrijen.