Soad âlderein wachtet noch op 'keukentafelpetear'

02 jan 2015 - 11:56

Trijekwart fan de âlderein dy't selsstannich wennet en help krijt hat noch gjin keukentafelpetear' mei de gemeente hân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ANBO ûnder 1400 âlderen. It ûndersyk is lanlik, mar yn Fryslân is it byld gelyk. Sûnt 1 jannewaris binne de gemeenten ferantwurdlik foar in grut part fan de soarch.

Tagelykertiid is der minder jild foar beskikber, mar foardat de gemeenten op de soarch besunigje, moatte se earst yn petear mei minsken dy't de soarch krije en dat is dus noch mar kwalik bard.

De ANBO riedt minsken dy't noch in petear hawwe moatte oan om har dêr goed op ta te rieden. Se kinne dat dwaan troch sels goed yn kaart te bringen wat se krekt nedich hawwe oan soarch op de langere termyn en wat harren mantelsoargers dwaan kinne.

De gemeente Opsterlân is ien fan de gemeenten dy't noch gjin 'keukentafelpetearen' fierd hat. Opsterlân hat der mei sin foar keazen om de petearen letter te fieren, seit wethâlder Wietze Kooistra. Foar minsken dy't de húshâldlike help echt nedich hawwe en it net sels betelje kinne sil de help yn de takomst betelle wurde út de wet bysûndere bystân. De gemeente giet der fan út dat dit mar foar in pear minsken nedich wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)