Hearrenfeanster (50) oanhâlden foar stellen smokersguod

02 jan 2015 - 11:16

De plysje hat op nijjiersdei in Hearrenfeanster (50) oanhâlden op fertinking fan in ynbraak. Ofrûne tiisdei waard ynbrutsen yn in hûs oan de Sinneblomstrjitte op It Hearrenfean. Der wie in rút fernield en der waard ûnder oare smokerij stellen. In tsjûge hie de ynbrekker sjoen en it sinjalemint trochjûn oan de plysje. Op basis dêrfan kaam de plysje de fertochte op it spoar. Dy bekende dat hy de ynbraak dien hie.

De man hat tasein dat er de skea fergoedzje sil. De man is nei ferhoar en it opmeitsjen fan in proses-ferbaal wer frijlitten.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)