Brânwacht goed te sprekken oer jierwiksel

De feilichheidsregio Fryslân is goed te sprekken oer de jierwiksel. De brânwacht moast mei-inoar sa'n hûndert kear yn aksje komme. Dat wie in bytsje mear as oare jierren. It gie benammen om lytsere brantsjes. Allinnich yn Makkum baarnde in grutte loads ôf.
De feilichheidsregio is benammen tefreden, omdat ien en oar 'yn goeie sfear' ferrûn. Sa koene brânwacht- en ambulânseminsken goed harren wurk dwaan, sûnder dat se lestich fallen waarden, en dat hat yn it ferline wolris oars west.