Fiif oanhâldings yn drugspân by Noardburgum

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat âldjiersnacht by Noardburgum in drugspân leechhelle. Yn in leechsteande wente oan de Alde Kommisjewei trof de plysje fiif minsken oan út Ljouwert, Grou en Berltsum. Sy hiene ferskate soarten harddrugs by harren. Guon fan harren wiene ek ûnder ynfloed fan dy middels.
De plysje wie warskôge troch omwenjenden, dy't it mar frjemd fûnen dat der in auto by it leechsteande hûs stie. De plysje naam ûnder mear fleskes GHB en wyt poeier yn beslach. De fiif oanwêzigen waarden oanhâlden foar it besit fan harddrugs en ynsletten.