Minder fjoerwurkslachtoffers yn Fryske sikehuzen

01 jan 2015 - 08:05

De Fryske sikehuzen hawwe âldjiersnacht tolve fjoerwurkslachtoffers behannele, ferline jier wiene dat der noch tweintich. Yn it MCL waarden njoggen fjoerwurkslachtoffers behannele. Trije waarden ek opnommen. Trije minsken moasten behannele wurde foar ferwûnings oan it each, fiif foar letsel oan de hân en ien mei in ferwûnings oan de holle.

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean hat in rêstige âldjiersnacht hân. Twa minsken moasten op it spoedplein behannele wurde mei ferwûnings oan it each. It gie om in bern en in folwoeksene.

Op It Hearrenfean waard noch ien persoan binnenbrocht mei alkoholfergiftiging. Yn it Antonius sikehûs yn Snits moasten fiif minsken behannele wurde, omdat se tefolle dronken hiene en as gefolch fan fjoerwurk. De earste help fan Nij Smellinghe yn Drachten krige fiif minsken binnen dy't tefolle dronken hiene en ien persoan dy't brânwûnen fan it fjoerwurk hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)