Ljouwert start 2015 mei ôftelfeest by de Aldehou

It jier 2015 is yn Ljouwert begongen mei it yntusken hast tradisjonele ôftelfeest, by de Aldehou, yn it sintrum fan de stêd. It wie foar de sânde kear dat it hâlden waard. Der wiene optredens fan de bands Diff en Boulevard en boargemaster Crone telde flak foar tolven ôf foar it fjoerwurk. Yn in koarte taspraak seach de boargemaster foarút nei 2015.
Hy neamde as hichtepunten de iepening fan nije keunstiisbaan, de bou fan it nije poppoadium, de festiviteiten fan Ljouwert as haadstêd fan de smaak en de betinking fan de befrijding.
Dy is dit jier 70 jier lyn.
It inisjatyf fan it ôftelfeest komt fan de gemeente, dy't mei it evenemint soargje wol dat der in sintraal plak is dêr't alle minsken terjochte kinne dy't ferdivedaasje sykje. By de yngong waard skerp kontrolearre op drank, drugs en fjoerwurk. Op it ôftelfeest kamen sa'n 3000 minsken ôf. It gong oant ûngefear healwei twaen troch.