Skûtsje 'Eelkje 1' leit oan by Omrop Fryslân

By it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert is woansdeitemiddei as âldjiersstunt in skûtsje op it parkearterrein setten. It giet om de 'Eelkje 1', it skûtsje fan de stichting Aldfaers Erf út Allingawier. Inisjatyfnimster Jitske Visser wol sa bekend meitsje dat it fertutearze skip wer yn de feart komt. De kommende tiid wurdt it skip restaurearre. Doel is om dan yn de lytse A-klasse mei te silen by de IFKS. It skûtsje krijt ek in nije namme: 'De Twee Gebroeders'.