Grutste brânbult fan Fryslân stiet yn Moarre-Ljussens

Tusken Moarre en Ljussens giet op âldjiersjûn om 12 oere de grutste brânbulte fan Fryslân yn de brân. Dat sizze de bouwers fan de bult. Dy is fjirtich by sechtich meter en sa'n fjouwer of fiif meter heech. Foar de brânbult is in fergunning oanfrege. In kontroleur fan de gemeente Dongeradiel hat him woansdeitemoarn kontrolearre. Middeis hat boargemaster Waanders him ek noch even besjoen.