Trofee 'I-love-Fryslân' troch plysje út Easterein helle

De letters fan I-love-Fryslân, dy't âldjiersdei opdûkten yn Easterein binne troch de eigener ûnder plysjebegelieding wer ophelle. De letters wiene ferline wike troch de âldjiersploech út Ljouwert helle en waarden woansdei midden yn de buorren delsetten. De Stichting Merk Fryslân, fan wa't de letters binne woe it logo net noch in skoftke stean litte.
De âldjiersploech hat noch besocht om de trofee langer te hâlden, mar dêr foel net oer te praten. De ploech fynt it hiel spitich dat de eigener net meiwurkje woe oan dizze tradysje.