Drachtster rydt ûnder ynfloed fan drugs

GHB
De plysje hat tiisdeitejûn in 26-jierrige Drachtster oanhâlden, omdat hy der fan fertocht wurdt dat hy ûnder ynfloed achter it stjoer siet. Meiwurkers fan in restaurant oan de Omloop yn Drachten hiene de plysje belle, omdat se tochten dat de man ûnder ynfloed fan drugs yn de auto stapt wie.
Doe't de plysje de man oanhold fûnen se yn de auto in flesse, dêr't nei alle gedachten GHB yn siet. De man is meinommen nei it buro. Dêr is in bloedproef dien en hat de man in proses-ferbaal en in rydferbod krigen, ek is syn rydbewiis ynnommen.