De Friesland hâldt oantal fersekerders op peil

31 des 2014 - 12:38

De Friesland Zorgverzekeraar rekket ûngefear 2000 klanten út Noardeast-Fryslân kwyt as gefolch fan it sluten fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Toch tinkt de soarchfersekerder it totale oantal fersekerden dit jier gelyk te hâlden, seit direkteur Ingrid Wiechers. It is de lêste dagen fan it jier wer tige drok op it callcenter fan it bedriuw. Klanten kinne allinne âldjiersdei noch feroarje fan soarchfersekerder.

Fierder hawwe fersekerden in soad fragen oer oanpassings yn de poalis. De wachtlist kin oprinne oant 10 oant 20 minuten.

By De Friesland Zorgverzekeraar binne yn totaal 565.000 minsken fersekere, 63% fan de Friezen hawwe in poalis by de fersekeringsmaatskippij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)