Fjoerwurkfrije fakânsjeparken dogge goede saken

De fjoerwurkfrije fakânsjeparken dogge dizze wike goede saken. Der binne in soad minsken, benammen mei hûnen dy't de knallerij mei âld en nij graach ûntflechtjse wolle. Op Bûtenpleats de Hildenberg yn Appelskea binne sels gjin húskes foar minsken mei hûnen mear te krijen.
Wa't dochs fjoerwurk ôfstekke wol moat dat dwaan op it parkearterrein fan it park.