Ljouwerter oanhâlden foar fernielerij
De plysje hat tiisdei op De Tunen yn Ljouwert in 47-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht, dat er in rút fan in hûs oan de Koerierstersespel fernield hat. De man soe spul hawwe mei de bewenners. Hy waard efkes letter yn it sintrum fan Ljouwert oanhâlden.
De fertochte is nei it plysjeburo brocht.