Love-Fryslân-letters dûke op yn Easterein

31 des 2014 - 10:13

De letters fan Love Fryslân binne wer terjochte. De grutte letters stiene âldjiersdei foar kafee Bergsma yn Easterein. Ferline wike woansdei ferdwûnen de letters út Ljouwert. Dêr stiene se mei fjouwer slotten oan de brêge by de Achmea-toer. De âldjiersploech fan Easterein is ferantwurdlik foar de aksje.

By de letters stiet: 'Myn ferdwining soarge foar in protte kommoasje, mar dêrneist ek foar in stik Fryslân promoasje. Ek al bin ik yn Ljouwert in hiel grut gemis, ik stean no wol yn it moaiste doarp dat der is!!!'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)