Túnark stellen op De Jouwer

© Omrop Fryslân
By in bedriuw oan De Wielen op De Jouwer is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen. De dieven hawwe it stek en de doar fan it bedriuw fernield om der yn te kommen. Se hawwe kettingseagen, elektryske haachskjirren, kantsjemeaners en blêdblazers meinommen. Der is oanjefte dien troch in 63-jierrige ynwenner fan Ousterhaule.