Auto fljocht út de bocht by Nijlemmer: fjouwer ferwûnen

De fjouwer ynsittenden rekken ferwûne © PEEM Media
Fjouwer minsken binne tiisdeitejûn ferwûne rekke by in ferkearsûngelok op de Schipslootweg yn Nijlemmer. De 18-jierrige bestjoerder soe in bocht net goed ynskatten hawwe. Hy besocht te remjen, mar ferlear de macht oer it stjoer. De auto botste dêrnei tsjin in beam. De bestjoerder sels en trije ynsittenden rekken ferwûne en binne oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerder wie in 18-jierrige ynwenner fan Scherpenzeel.