Ekstra fjoerwurkkontroleurs aktyf yn Ljouwert

31 des 2014 - 09:26

Yn Ljouwert binne op âldjiersdei 15 ekstra tafersjochhâlders op paad om te kontrolearjen oft minsken net te betiid fjoerwurk ôfstekke. Fjoerwurk mei net earder as fan 18.00 oere ôf ôfstutsen wurde.

Dat jildt net foar it karbidsjitten. Dat mei al wol earder. Op in soad plakken yn Fryslân wurdt dit dien. Yn Akkrum is bygelyks in 1200 liter diseltank omboud ta karbidkanon. Minsken dy't fan rêst hâlde kinne op spesjale plakken yn de provinsje terjochte yn fjoerwurkfrije akkommodaasjes.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)