Winterarranzjemint falt wer yn de smaak

30 des 2014 - 18:40

Kuierje troch de bosk, in rûnlieding yn in histoarysk tsjerkje, in romantysk konsert en as ôfsluter noch gesellich mei-inoar ite. Dat wie it winterarranzjemint fan it Fryske Gea en de stichting Alde Fryske tsjerken tiisdei om Olterterp hinne.

Dit soarte oanklaaide ekskurzjes jouwe in bysûndere bining mei leden en donateurs, sa die wer bliken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)