Cougars nimme wurk giele SAR-helikopters oer

30 des 2014 - 17:15

Definsje sil mei yngong fan nijjiersdei net mear fleane mei de bekende giele AB-412 SAR-helikopter. De tastellen fan it definsje helikopter kommando op de Ljouwerter fleanbasis wurde ferkocht en dêrmei falt ynkoarten ek it doek foar it 303 squadron op de Ljouwerter fleanbasis.

De trije AB-412 helikopters binne dit jier mear as 230 kear ynset om pasjinten te ferfieren of om mei te dwaan oan sykaksjes nei fermiste persoanen. Mei-inoar hawwe de helikopters fan it 303 squadron hast 5.500 libbensrêdende en spoedeaskjende fluchten útfierd.

Definsje hat besletten om de giele AB-412 helikopters te ferkeapjen, fanwege de komst fan de nije NH-90 helikopters by de marine. Definsje sil it pasjinteferfier fan de Waadeilannen ôf útfiere oant der in alternatyf fûn is. Hjirfoar wurde de kommende perioade twa Cougar-transporthelikopters fan it 300 squadron stasjoneard op de Ljouwerter fleanbasis.

It opspoaren en sykjen fan drinkelingen en evakuaasjes op see wurdt mei yngong fan nijjiersdei útfierd troch Noordzee Helikopters Vlaanderen. De NHV wurket al sûnt 2011 foar definsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)