Earste boat troch Polderhoofdkanaal Nij Beets

30 des 2014 - 15:12

It Polderhoofdkanaal is tiisdei iepene troch deputearre Schokker en wethâlder Jonkman fan Opsterlân. In boat fol pommeranten fear as earste troch slûs en kanaal. De iepening ferrûn net hielendal as pland, want de boat mei pommeranten krige pech. Fanwege de pech mei de boat moasten de gasten mei in buske nei Nij Beets brocht wurde.

Dizze stroffelstien past hielendal yn de skiednis fan it kanaal. It hat langer as tsien jier duorre foardat it kanaal iepen makke wurde koe. Dit kaam troch prosedueres fan tsjinstanners.

It kanaal dat De Feanhoop mei Nij Beets ferbynt kin pas yn juli yn gebrûk nommen wurde troch de boatsjeminsken. Der moatte bygelyks noch oanlisplakken makke wurde by museum it Damshûs yn it sintrum fan Nij Beets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)