Fiif Fryske sylskoallen nei de Hiswa

30 des 2014 - 13:41

Fiif sylskoallen út Fryslân sille har takom jier mienskiplik presintearje op de nasjonale wettersportbeurs Hiswa yn Amsterdam. It giet om De Bird út Heech, De Morra fan Himmelum, Neptunus fan Jiskenhuzen, Pean fan Nes by Akkrum en De Feanhoop. Mei har fiven hawwe de sylskoallen in stand fan 200 kante meter hierd. It is net de earste kear dat de sylopliedings gearwurkje.

De skoallen rjochtsje har benammen op de jongerein. De Hiswa fynt plak yn maart.

Trefwurden: 
Hiswa sylskoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)