Soad ferienings bakke en ferkeapje oaljekoeken

In soad drokte op tiisdei by bakkers en yn kluphuzen. Rûnom wurde oaljekoeken bakt foar in goed doel of de ferieningskas. Dat bart ek by bakker Sybesma yn Boksum. Neffens Sybesma nimt it tal oaljekoeke-aksjes de lêste jierren allinnich mar ta.
Ferienings sjogge subydzjes de lêste jierren hieltyd faker fuort fallen en moatte mar sjen hoe't se sinten byinoar skraabje. De ferkeap fan oaljekoeken is dan in moaie ynstruier.