Douwe de Vries bliuwt reserve foar EK allround yn Ruslân

30 des 2014 - 10:57

Reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean bliuwt op de reservelist stean foar it EK allround yn jannewaris. De Vries einige it ôfrûne wykein as fyfde op it NK, mar omdat nûmer trije Koen Verweij noch twivele oer meidwaan oan it EK, wie der noch in kâns foar De Vries. Verweij hat no besletten om dochs te starten yn it Russyske Tsjeljabinsk.

Nûmer fjouwer fan it nasjonale toernoai, Jorrit Bergsma, hie earder al ôfsjoen fan de reserverol, wêrtroch dat plak no foar De Vries is en bliuwt.

Trefwurden: 
reedriden Douwe de Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)