Black Horse yn Menaam giet wer iepen

Kafetaria en sealesintrum Black Horse yn Menaam giet dit wykein wer iepen. Eigener Gerard Jellema sil it doarpskafee útbate. De Black Horse wie sûnt 1 septimber ticht, omdat de foarige útbater der gjin brea yn seach. De sluting soarge foar in soad problemen by de ferienings yn it doarp, omdat dy de sealen fan de Black Horse brûke.
Jellema docht foar de weriepening foarearst in berop op personiel fan syn restaurant yn Diever. Op termyn is it doel om in nije útbater te finen. As dat net slagget, wol Jellema de saak ferkeapje.
Mei de weriepening binne ek de earste optredens al wer boekt: sa jout de toanielferiening út it doarp ein jannewaris in optreden yn it sealesintrum. Yn febrewaris stean der boppedat al wer wat feesten pland.