Brân oan Cambuursterpaad troch fjoerwurk

Bern dy't boarten mei fjoerwurk hawwe tiisdeitemoarn brân feroarsake yn in hûs oan it Cambuursterpaad yn Ljouwert. Troch in flam fleach it gerdyn yn 'e keamer op de boppeferdjipping yn brân. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
Omdat de brân yn in rychjeshûs wie, kaam de brânwacht mei ferskate weinen te plak. By de brân rekke nimmen ferwûne.