Keukenbrân yn Ljouwerter hûs: grutte skea

© Anton Kappers
In wenning oan de Paulus Potterstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei swier skansearre rekke troch brân. Dy bruts út yn de keuken. De brânwacht koe net foarkomme dat de keuken útbaarnde.
De bewenners waarden wârskôge troch in brânmelder en koenen op tiid it hûs útkomme. Ek hie de brânwacht út foarsoarch de buorlju evakueard. Sy koenen gau wer werom.