IIsbaan yn grutte seal skouboarch Harmonie yn Ljouwert

Foar it earst yn de skiednis fan skouboarch de Harmonie yn Ljouwert leit der in echte iisflier op it poadium. De flier is oanlein foar de foarstelling 'Swan Lake on ice', de Swannemar fan Tchaikovsky. It giet om in baan fan 15 by 15 meter dy't sa'n 14 ton weaget.
Op it hichtepunt fan de foarstelling swiere der 30 dûnsers en dûnseressen oer it 10 sintimeter dikke iis. Oan de foarstelling dogge ferskate keunstriders mei dy't earder aktyf wiene op de Olympyske Spelen. Der binne noch kaarten beskikber.