Fryslân: 'mear autonomy, gjin selsstannigens'

29 des 2014 - 20:32

Fryslân moat stribje nei mear autonomy, mar net nei selsstannigens. Dat wie moandei de konklúzje fan it 82ste krystkongres fan de Fryske studinteferienings. Tradyzjegetrou waard it kongres holden yn kafee De Bogt fen Guné. It tema wie: Fryslân in apart lân: bybliuwe of ôfskiede? Soks fansels nei it relative sukses fan de Skotten yn Grut-Brittannië. Is der bygelyks in ekonomysk foardiel te heljen út in noardlik lânsdiel?

Moatte wy op provinsjaal nivo mear politike ûnôfhinklikens easkje op bygelyks kultureel of ûnderwiiskundich nivo?

En wat binne ús rjochten as minderheid? Allegear fragen dy't oan 'e oarder kamen yn it debat en yn de ynliedings fan de ferskate sprekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)