Gjin grutte karbidkanonnen yn Drylts op âldjiersdei

De grutte kanonnen fan Karbidferiening Drylts bliuwe dit jier yn de skuorre stean. Karbidleafhawwers Jan Faber en Jeroen Inia hawwe it beslút naam om in ein te breidzjen oan de lange tradysje. Neffens Faber is de animo binnen de feriening te lyts om dit jier foar de 10e kear op rige mei de kanonnen te sjitten. En dus sil it nei 10 jier wol even wennen wêze foar de ynwenners fan Drylts en omjouwing.
It beslút fan no wol net sizze dat de kanonnen foar altyd binnen bliuwe. Takom jier wurdt de situaasje opnij besjoen.