Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan desimber

31 des 2014 - 07:30

Op dizze lêste dei fan 2014 sjogge wy noch ien kear werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan it ôfrûne jier. Dizze nijstop 10 fan desimber is makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps.

1. Heak om Ljouwert offisjeel iepene

De Heak om Ljouwert wurdt heal desimber offisjeel iepene. De provinsje, gemeente Ljouwert en Rykswettersteat dogge de iepening troch in krystbeam oan te setten. Dêrnei wurde de stekken op de nije rûnwei om Ljouwert fuorthelle en is mei it saneamde blokriden troch Rykswettersteat en plysje de dyk iepene foar it ferkear.

2. 500 minsken by protestmanifestaasje tsjin sluting De Sionsberg

Sa'n 500 minsken protestearje yn Dokkum tsjin de sluting fan sikehûs De Sionsberg. Se hawwe spandoeken by har en der binne ferskate taspraken. De aksjefierders wolle dúdlik meitsje dat it sikehûs bliuwe moat. Op de protestmanifestaasje wurdt ek bekend makke dat it sikehûs De Sionsberg iepen bliuwe mei fan de kuratoaren.

3. AZC yn Riis is fan de baan

Opluchting yn Riis as bekend wurdt dat der dochs gjin asylsikerssintrum yn Riis komt. Neffens it COA, it Sintraal Orgaan opfang Asylsikers, is dúdlik wurden dat der gjin bestjoerlik draachflak is foar in AZC of in opfanglokaasje. De gemeente De Fryske Marren en it COA sille no op syk nei in alternatyf.

4. Man slim ferwûne nei fal troch dak

Op in boerebedriuw by Jelsum rekket in man slim ferwûne nei in fal troch it dak. It slachtoffer sakket troch it dak fan in stâl en falt inkelde meters nei ûnderen. Omdat it om in bedriuwsûngelok giet, docht de arbeidsynspeksje fierder ûndersyk nei de tadracht.

5. Cambuurdirekteur Van den Belt giet nei FC Twente

Direkteur Gerald van den Belt giet fuort by SC Cambuur. Hy giet oan de slach by FC Twente. Van den Belt hat yn de ôfrûne jierren tige wichtich west foar de Ljouwerter fuotbalklup. Mei troch syn ynset is de klup rêden fan in fallisemint en is de finansjele situaasje op dit stuit stabyl.

6. Sjauffeurs jouwe wurkjouwer 'krystpakketten' mei stront

De direksje fan transportbedriuw Van der Aart yn Drachten krijt 'krystpakketten' mei stront oanbean. It is in aksje fan sjauffeurs en fakbûn FNV. Se fine dat de direksje harren finansjeel yn de tange hâldt, omdat it bedriuw sjauffeurs as selsstannich ûndernimmer wurkje lit, mar wol mei in kontrakt. Dizze konstruksje waard troch de rjochter al ferbean.

7. Frachtwein ferliest lading op Oostergoplein

Gaos op it Oostergoplein yn Ljouwert. In frachtwein ferliest op it ferkearsplein in part fan syn lading. It krúspunt leit fol mei doazen mei blikjes molkpoeier. It opromjen derfan duorret oeren en soarget foar in soad fetraging. De 23-jierrige frachtweinsjauffeur krijt in proses-ferbaal, omdat er syn lading net goed fêst makke hie.

8. 87-jierrige man ferdrinkt by Dolsterhuzen

By in ûngelok op it Tjongerpaad yn Dolsterhuzen komt in man fan 87 jier út Wolvegea om it libben. It slachtoffer hat nei alle gedachten syn auto oan de kant set en is útstapt. Koart dêrnei falt er yn it wetter en kin der net mear útkomme. In fytser fynt it slachtoffer.

9. 'I love Fryslân'-letters stellen

Fermist: I love Fryslân. Unbekenden ha de saneamde 'love letters' fan marketingorganisaasje Merk Fryslân stellen. It boerd is 12 meter lang en 2 meter heech en bestiet út in pompeblêd en it wurd 'Fryslân'. De letters stiene op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert. Oft it om in nijjiersstunt giet is noch net wis.

10. Omrop Fryslân hellet €115.000 op foar de Voedselbank

De aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân smyt €114.736 op. Yn totaal wurde der yn twa wike tiid mear as 50.000 produkten ynsammele. De ôfrûne wiken waarden oeral in de provinsje aksjes opsetten om guod yn te sammeljen. Ek 120 Fryske supermerken diene mei. De aksje is in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)