"Gjin dúdlike oarsaak fallisemint Pasana"

29 des 2014 - 15:13

Der is noch gjin dúdlike oarsaak te jaan oer it fallisemint fan soarchgroep Pasana. Dat skriuwe de kuratoaren yn harren earste ferslach oer it fallisemint. Wol is helder wurden dat de grutte reorganisaasje fan sikehûs De Sionsberg en de ferbouwing finansjeel neat opsmiten hawwe. Om't de ferwachte ynkomsten en pasjinten te min perspektyf bieden wie in fallisemint net foar te kommen.

Foar de ING-Bank kaam dat ûnferwachts. Nei it skrassen fan de juridyske fúzje mei Nij Smellinghe yn Drachten binne de bankrekkens fuortendaliks blokkearre.

Der is no noch in totale skuld fan goed 32 miljoen euro. De kuratoaren sille har de kommende tiid dwaande hâlde mei de ferkeap fan alle fersoargingstehuzen en sikehûs De Sionsberg. Ek sille se ûndersykje oft alles neffens de regels gien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)