Protte ferjonging yn list Fryske Top 100
In protte ferjonging dit jier yn de Fryske Top 100. Der steane in soad nije nûmers yn de list. De heechste nije binnenkommer is it nûmer 'In Groet' fan Johannes Rypma. Hy stiet yn de top 10. Ek heech binnenkaam binne de nûmers 'Jorwert' fan Wiebe Kaspers en 'Skettens' fan Rob du Jardin. It nûmer 'Do' fan Weima & van der Werf is dit jier ek foar it earst werom te finen yn de list.
31-tûzen minsken ha in stim útbrocht foar de Fryske Top 100. Alle platen wurde op âldjiersdei draaid tusken 07:00 en 18:00 oere.
Dit is te folgjen op radio, televyzje en ynternet. De presintaasje is yn hannen fan Wim Brons, Geert van Tuinen en Femke de Walle.
Njonken de presintaasje binne de presintatoaren ek dit jier wer op ‘n paad yn Fryslân om live ferslach te dwaan. Sy binne op besite by eveneminten en minsken dy’t op âldjiersdei wat bysûnders dogge. Minsken dy’t nei de Fryske Top 100 harkje of sjogge kinne krekt as oare jieren reagearje fia #frysketop100 en de sms.
Nij dit jier is dat minsken foto’s yn stjoere kinne mei gebrûk fan de Omrop Cam. Mar dit kin fansels ek noch gewoan op www.frysketop100.nl.
De folsleine list, útsein de top 10 is te finen op: www.frysketop100.nl.
De top 10 wurdt woansdei 31 desimber tusken 16:30 en 18:00 oere bekend makke.