Fjoerwurkleafhawwers kieze faker foar sierguod

29 des 2014 - 12:25

It sierfjoerwurk is dit jier opnij populêr ûnder fjoerwurkleafhawwers. Dat seit Gerard Schingenga fan Mega Vuurwerk Leeuwarden. Minsken litte it knalfjoerwurk hieltyd faker links lizze en kieze foar it moaiere fjoerwurk. De saneamde 'cakeboxen' binne it populêrst. Dat binne doaskes dy't in pear minuten lang knalle.

Fan moandei ôf is it wer tastien om fjoerwurk te ferkeapjen. Leafhawwers moatte noch al efkes wachtsje mei it ôfstekken. Dat mei pas fan woansdeitejûn seis oere ôf.

Foar guon ferkeapers binne it spannende dagen. Sa ek foar de manlju achter Dutch Dragon Fireworks op 'e Jouwer. Sy ferkeapje dit jier foar it earst fjoerwurk, oan konsumint en winkeliers. It nije bedriuw sit yn de âld loads fan Schuurmans, dat begjin dit jier fallyt gie. Finansiering foar it keapjen fan fjoerwurk foar takom jier is lykwols dreech. Dêrom wolle se besykje fia crowdfunding 250-tûzen euro binnen te heljen.

Trefwurden: 
fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)