Kanadeeske feteranen socht foar jubileumfiering befrijing

29 des 2014 - 11:51

De Stichting Bevrijdingsfestival Fryslân is driuwend op syk nei Kanadezen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch meiholpen hawwe Fryslân te befrijen. Takom jier is it 70 jier lyn dat de alliearden yn Nederlân in ein makken oan de Twadde Wrâldoarloch. Dit wurdt yn maaie grut fierd.

Tweintich jier lyn, mei it 50-jierrich jubileum, hawwe al in soad feteranen yn Fryslân west, en it befrijingsfestival hopet no mei it 70-jierrich jubileum opnij sa'n bysûndere reüny del te setten. Probleem is wol om de feteranen te finen.

Dêrom wurde Friezen no frege oft sy noch feteranen witte dy't yn 1945 Fryslân befrijd hawwe. Minsken kinne kontakt mei de organisaasje opnimme fia koos@noordersingel.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)