"Fytspaad Greonterp-Aldegea moat oanpakt wurde"

Brûkers fan it rekreative fytspaad tusken Greonterp en Aldegea binne net bliid mei in lyts part fan de rûte dy't net goed oanlein is. It stik soe sels gefaarlik wêze. Fan Greonterp ôf lizze grutte betonplaten, mar der is in lyts part dêr't de platen âld en stikken binne. Der sitte skuorren en kûlen yn.
Der is yn it ferline wol klage by de gemeente Súdwest-Fryslân, mar dy hat allinnich buorden delsetten wêrop stiet 'slecht wegdek'. Brûkers begripe net dat der fierder neat oan dien wurdt.