Besikersrekôr foar Hannemahûs yn Harns

29 des 2014 - 07:56

Museum it Hannemahûs yn Harns hat dit jier in rekôr oantal besikers hân. Yn totaal kamen 13.090 minsken yn 2014 nei it kultuerhistoarysk sintrum ta.

It Harnzer museum stie begjin dit jier yn it teken fan Rembrandt en hat doe goed hûndert etsen fan de skilder tentoansteld. Dat wie in grutte publykslûker.

Trefwurden: 
Harns besikers Hannemahûs
(advertinsje)
(advertinsje)