Automobilist ferwûne by ûngelok op Snitserdyk Raerd
In 34-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan snein op moandei ferwûne rekke by in ûngelok op de Snitserdyk by Raerd. It slachtoffer rekke mei syn auto fan de dyk en kaam tsjin in beam yn in sleat ta stilstân. De brânwacht en in alerte buertbewenner hawwe de auto mei in traktor út de sleat helle en de automobilist befrijd.
It slachtoffer is mei ûnder oaren in klaplong nei it sikehûs yn Snits brocht. Om't de plysje tinkt dat de Ljouwerter alkohol dronken hie, is der in bloedproef ôfnaam.