Sechsde NK allround-titel foar Sven Kramer

28 des 2014 - 17:48

Sven Kramer mocht snein syn sechsde NK allround-titel tafoege oan syn earelist. Op it iis fan Thialf pakte Kramer mei syn tiid fan 13.10,94 it sulver op de ôfslutende 10 kilometer op it NK allround. De winst gong nei Jorrit Bergsma, dy't 13.03,90 op it boerd sette. It brûns wie foar Wouter olde Heuvel mei 13.16,13.

Bergsma's winnende tiid op de 10 kilometer wie krekt net genôch foar in plak yn de top 3 fan it einklassemint. De rider fan Aldeboarn einige as fjirde achter Wouter olde Heuvel en Koen Verweij, dy't twadde en tredde waarden.

Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard mei 13.21,48 fjirde op de 10 kilometer en einige úteinlik as fyfde yn it einklassemint.

Mei Kramer pakten Olde Heuvel en Verweij in ticket foar it EK allround op 10 en 11 jannewaris yn it Russyske Tsjeljabinsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)