Wüst pakt mei oermacht har fjirde NK allround-titel

Ireen Wüst pakte snein mei oermacht har fjirde NK allround-titel yn Thialf. Wüst bekroande har gouden wykein mei in tredde plak op de 5 kilometer. Se klokte in tiid fan 7.05.71. Wüst is boppedat wis fan in ticket foar it EK allround op 10 en 11 jannewaris yn Tsjeljabinsk.
Carlijn Achtereekte wûn de 5 kilometer yn 7.03,72. It sulver wie foar Jorien Voorhuis (7.03,92), dy't yn it einklassemint twadde waard en ek in EK-ticket pakte. It lêste ticket gong nei Linda de Vries, dy't mei 7.06,67 fjirde waard, mar as tredde einige yn it klassemint.
Yvonne Nauta sette in tiid fan 7.09,67 op it boerd op de 5 kilometer, goed foar it fyfde plak. Yn it einklassemint waard Nauta sechsde.